Ynspeksje GGD

Yn ’e Wet Kinderopvang wurdt easke dat der alle jierren in risikoynventarisaasje foar feilichheid en sûnens útfierd wurdt en dat der ynsjoch is yn feilichheids- en sûnensbelied. It tasjoch en de kontrôle wurde dien troch de GGD. De risikoynventarisaasje leit foar ynsjoch op De Krobbedobbe.

De GGD hâldt alle jierren kontrôle en makket dêr in rapport fan. De ynspeksjerapporten fine jo hjir (LRPK). Der is ek kontrôle troch de brânwacht; dy hat plak binnen ‘t Byntwurk. Der is in kalamiteiteplan fan ‘t Byntwurk en alle jierren wurdt der in ûntrommingsoefening hâlden en dêrnei evaluearre mei de basisskoallen.

De Krobbedobbe wurdt alle dagen skjinmakke neffens in fêst skema. Der wurdt ek letten op persoanlike hygiëne. Bern en folwoeksenen waskje de hannen nei’t se nei it húske west hawwe, foar it iten en nei it bûtenboartsjen. By it ferskjinjen wurde der lateks wanten droegen en de handoek op it ferklaaikessen wurdt alle kearen ferfong. Alle dagen wurde bad-, han- en teedoeken wosken. Foar it skjinmeitsjen fan noas en mûle wurdt weismytmateriaal brûkt.