VVE en KIJK

De Krobbedobbe is in VVE-lokaasje. VVE stiet foar Vroeg- (pjutten) en Voorschoolse (beukers) Educatie. Wy wurkje mei it programma Puk en Ko, dat rjochte is op ’e ûntwikkeling fan it bern en dat dogge wy oan ’e hân fan tema’s.

Wy wurkje gear mei de basisskoallen en mei it konsultaasjeburo. As bliken docht dat in bern wat ekstra tiid nedich hat op ’e pjutopfang, dan jout it konsultaasjeburo dêr in yndikaasje foar. De gemeente Opsterlân fergoedet dy ekstra tiid. Op www.opsterland.nl fine jo ekstra ynformaasje.

Fan alle bern hâlde wy digitaal de ûntwikkeling by yn ’e observaasjemetoade KIJK. Wy nimme dy trije kear mei de âlders troch: as it bern 2,5 en 3 jier is en krekt foar’t hy/sy nei de basisskoalle giet. It dossier giet dan, nei tastimming fan ’e âlders, mei nei de basisskoalle.