Twataligens

Sûnt april 2017 is De Krobbedobbe sertifisearre as Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling troch ’t Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it ynformaasje pakket dat jo ûntfange by de intake krije jo ek it boekje Wolkom op ús pjutteboartersplak mei dêryn ynformaasje oer twataligens en de fêste ferskes dy’t wy sjonge op De Krobbedobbe. Der stiet ek in Tomkeferhaaltsje yn.