Taryf

Wy hantearje it wetlike taryf fan 8,02 euro it oere, foar 7 oeren wyks, ofwol 3,5 oere foar elts deidiel. Dat bedrach wurdt berekkene oer 11 moannen, foar 40 wiken yn it jier.

Pjutopfang falt ûnder de berne-opfangtaslach. Jo betelje dus mar in part fan it totale bedrach. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de berne-opfangtaslach fan ’e Belestingtsjinst.

Komme jo net yn oanmerking foar de berne-opfangtaslach, dan kinne jo de gemeentetaslach brûke. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de gemeentetaslach fan ’e gemeente Opsterlân.

Betelling troch in automatysk ynkasso is winske. Der wurdt fakturearre op basis fan 11 moannen, dus wy fakturearje net yn ien moanne fan ’e simmerfakânsje (july of augustus, ôfhinklik fan it roaster). De faktueren wurde alle moannen oer de mail ferstjoerd en yn jannewaris wurdt der in jieroersjoch stjoerd.

Foar fragen kinne jo fansels altyd op De Krobbedobbe terjochte.