Praktyske Ynformaasje

Pleatsing en wennen

Bern kinne telefoanysk oanmeld wurde, op dizze webside of troch in formulier yn te foljen dat by De Krobbedobbe ôf te heljen is. Alders kinne in foarkar opjaan foar de deidielen. Bern kinne fan harren twadde jierdei ôf pleatst wurde en bliuwe oant dat se nei de basisskoalle geane.

Sadree’t der plak is op ’e groep (fan maksimaal acht bern) krije âlders berjocht en meitsje wy in ôfspraak foar in húsbesite. Wy komme yn ’e kunde, folje it ynskriuwformulier yn en ûndertekenje de pleatsingsoerienkomst. Alders binne sels ferantwurdlik foar it oanfreegjen fan berne-opfangtaslach of gemeentetaslach.

Fanselssprekkend geane wy fertroulik mei ynformaasje oer de âlders of it bern om. Wy bewarje alle ynformaasje op in ôfsletten plak en freegje altyd tastimming by it eventueel ynskeakeljen fan oare ynstânsjes.

By it wennen en ôfskiednimmen folgje wy wat âlders en it bern sels noflik fine. Ek as it bern nei ferrin fan tiid ôfskiednimmen lestich fynt, kinne âlders en it bern sels beslisse wat it bêste is yn harren situaasje. Wol advisearje wy om it momint fan ôfskied sa koart mooglik te litten, sadat it dúdlik is foar it bern.

Wy kinne altyd, op fersyk, telefoanysk kontakt hawwe, sadat âlders gerêst binne. Alders meie altyd belje om te freegjen hoe’t it giet en wurde troch foto’s op Facebook op ’e hichte hâlden.

Bringen en heljen

De bern kinne fan 8.30 oere ôf brocht wurde en om 12.00 wer ophelle wurde. By it bringen kin de tas yn ’e koer lein wurde. Der is in kuolkast foar meibrocht iten of drinken, as dat nedich is.

Bern meie dan frij boartsje en fine it faak gesellich om earst mei-inoar efkes in puzzel te meitsjen, in spultsje te dwaan of in boekje te lêzen, om ferfolgens heit, mem of de oppas út te swaaien.

As de bern ophelle wurde, binne se dwaande mei klaai. Dat is alle dagen de ôfslutende aktiviteit. De bern kinne dan út it lokaal wei ophelle wurde.

Under sawol it bringen as heljen is der foar âlders en liedsters gelegenheid om fragen te stellen of ynformaasje troch te jaan.

Yn ’e map op ’e kast by de kapstôk stiet ynformaasje oer de aktiviteiten, it tema, it ferrin fan ’e moarn en oare saken dy’t spylje yn en rûn De Krobbedobbe. Dy map is in lochboek en elkenien mei dêr yn bledderje.

As jo bern troch in oar ophelle wurdt, dan jouwe jo dat efkes troch.

Wat jouwe jo jo bern mei?

De bern nimme sels fruit en drinken mei. Der is in kuolkast oanwêzich.

Bern dy’t noch net sinlik binne, nimme ek in ruft en ‘bijdehandjes’ mei. Bern wurde ferskjinne as dat nedich is. Dêr is hjir gjin fêst tydstip foar, útsein as âlders dat oanjûn hawwe.

Op moandei- en tiisdeitemoarns geane wy nei it boarterslokaal. Wy riede oan om gymnastykskuon mei te nimmen en dy op dy moarnen by binnenkomst alfêst oan te lûken. Hawwe bern gjin spesjale gymskuon, dan geane se op bleate fuotsjes mei.

Siikmelde

As jo bern siik is of op in oare manier behindere, dan jouwe jo dat telefoanysk of oer de mail troch. By besmetlike syktes folgje wy it protokol fan ’e GGD. Mocht it foarkomme dat der medikaasje tatsjinne wurde moat ûnder de oeren op De Krobbedobbe, dan moat dêr in formulier foar ûndertekene wurde.

Fakânsjedagen

De Krobbedobbe folget it fakânsjeroaster fan ’e basisskoallen. Dat roaster wurdt fermeld ûnder “kalender” en krije jo oer de mail tastjoerd.

Bysûndere aktiviteiten

Uteraard fiere wy de jierdeis fan ’e bern. Wy hawwe in jierdeisstoel, feestmûtse en in houten taart mei kearskes om út te blazen. Foar it bern dat syn of har jierdei hat, is der in kadoke, in kaart en in gouden strik. Wurdt in bern fjouwer jier, dan mei hy/sy in gouden hândruk sette op ús flagge. By it ôfskied heart ek in spesjaal ôfskiedsboekje. It is gesellich om mei-inoar te genietsjen fan in sûne traktaasje. Wy fiere ek graach de berte fan bruorkes en suskes.

De Krobbedobbe giet der graach op út. Sa rinne wy regelmjittich in blokje om oan it kuierkoard of geane wy bygelyks nei de buorkerij of de biblioteek yn Oerterp.

Yn septimber geane wy mei de bern en harren âlders/begelieders nei de bosk en yn juny geane wy mei-inoar op ’e fyts nei de boarterstún fan ‘t Hout yn Bakkefean.

Wy jouwe fansels omtinken oan feesten as Sint Maarten en Sinteklaas (dan boartet der in Piet mei ús mei), Kryst en Peaske. De lêste skoaldei foar de simmerfakânsje fiere wy mei alle Krobbedobbebern en harren âlders.

Ienris yn it jier is der de Byntwurkdei. Dy deis binne der aktiviteiten foar alle bern dy’t Byntwurk besykje. Wy binne der ek graach by as de bern fan ’e basisskoallen in foarstelling jouwe.

Globale yndieling fan ’e moarn

De Krobbedobbe jout bern folop de kâns om te boartsjen, ûntdekken, belibjen en moetsjen. Sy leare der om te harkjen nei folwoeksenen en nei elkoar. Wy dogge ferskate aktiviteiten dy’t by it tema passe, yn lytse groepkes of mei de hiele groep, en der is altyd tiid foar frij spul. Dêrneist binne der ek yndividuele aktiviteiten mei de liedster.

8.30 – 9.00      bringe, begroetsje, frij boartsje, nammen neame, boekje foarlêze (hiele groep)

9.00 – 9.30      begelate spul- en nifelaktiviteit yn groepkes fan fjouwer. Dy groepkes wikselje healwei.

9.30 – 10.00    frij boartsje

10.00 – 10.30  bewegingsspul yn boarterslokaal (moandeis/tiisdeis) of rûntespul yn eigen romte (hiele groep)

10.30 – 11.00  iten en drinken oan tafel, rûntepetear, lietsjes, ferskes, spultsjes en foarlêzen, oanslutend by it tema (hiele groep)

11.00 – 11.30  bûtenaktiviteit of by min waar frij spul mei yndividuele oandacht

11.30 – 12.00  opromjen, ôfslutende aktiviteit, mei klaai boartsje

12.00             bern wurde ophelle en útswaaid

Op ’e mominten fan frij spul is der altyd romte foar yndividuele oandacht. De deistige aktiviteiten steane yn it teken fan it tema en der binne fêste lietsjes en ferskes by begjin en ôfsluten fan ’e rûnte.