Pjutopfang

Fan pjutteboartersplak nei pjutopfang

De Krobbedobbe is al sûnt 1992 fêstige yn Fryske Peallen. Wy binne begûn as in selsstannich pjutteboartersplak, oprjochte troch âlders en eartiids ûnderbrocht yn doarpshûs De Dobber. De pjutteboartersplakken fan gemeente Opsterlân waarden doe ûnderdiel fan stichting De Ploeg en dêrnei gienen wy fierder ûnder stichting Timpaan.

De Krobbedobbe ferhuze yn 2001 nei De Jister en fûn yn 2011 in eigen plak, mei de basisskoallen De Rehoboth en De Skâns en doarpshûs De Dobber yn ’t Byntwurk.

Yn jannewaris 2015 waard it pjutteboartersplakwurk omboud ta pjutopfang. De subsydzje feroare dêrmei: no betelje âlders in oertaryf en kinne dat foar in grut part fergoede krije fan ’e berne-opfangtaslach. De groepen hawwe no ek maksimaal acht bern en de iepeningstiden binne ferromme. Dy feroaring hold yn dat stichting Timpaan it eksploitearjen fan ’e lytsere pjutopfangfêstigingen yn ’e gemeente Opsterlân net langer finansjeel bolwurkje koe. Yn goed oerlis mei gemeente Opsterlân, doarpsbelang, de âlderkommisje en de beide basisskoallen naam Ineke Geertsma, dy’t al sûnt de oprjochting liedster is, op 1 septimber 2015 De Krobbedobbe oer.