Pedagogysk Belied

De Krobbedobbe wurket mei de fjouwer basisdoelen fan ’e berne-opfang:

  • it bieden fan fysike en emosjonele feilichheid
  • it befoarderjen fan persoanlike kompetinsje fan bern
  • it befoarderjen fan sosjale kompetinsje fan bern
  • sosjalisaasje troch oerdracht fan wearden en noarmen

Dy doelen fine jo útwurke yn it pedagogysk wurkplan. Dat is yn oerlis mei de âlderkommisje ta stân kommen. Alders hawwe altyd ynsjoch yn dat wurkplan.

In rêstige, bliere sfear en in feilich basisgefoel binne betingsten om ta spul en ûntwikkeling te kommen. Der is in fêste lieding en in groep fan net mear as acht bern, en wy biede in dúdlike struktuer fan it deidiel.

De romte is feilich en biedt in soad mooglikheden ta boartsjen, belibjen, ûntdekken en moetsjen. Regels binne der net om fet te krijen op ’e bern, mar om bern fet krije te litten op ’e wrâld.

Der wurdt sjoen nei elk bern en rekken hâlden mei de ûntwikkelingsfaze en mooglikheden sadat in bern him akseptearre fielt.

Wy hawwe each en oandacht foar it ferlet fan elk bern. In bern fielt him fertroud as de âlders him of har ek fertroud nei de opfang bringe. Iepen kontakt mei âlders is dêrom hiel belangryk om de ûntwikkeling fan it bern folgje en stimulearje te kinnen. Jonge bern ûntwikkelje har faak net neffens in fêste line. Wy binne ús dêrfan bewust, respektearje de yndividuele ûntwikkeling en ferletten en spylje dêrop yn, sadat wy alle bern in goede tarieding op ’e basisskoalle jaan kinne.

It folsleine pedagogyske beliedsplan leit foar ynsjoch op De Krobbedobbe.