Klachteregeling

Foar klachten kinne jo by de liedster of âlderkommisje terjochte fia de ynterne klachteregeling. Dy leit foar ynsjoch op De Krobbedobbe. It giet om skelen tusken hâlder of meiwurkers en âlder(s) oer:

* it hâlden en dragen fan ’e hâlder of by de hâlder wurksume persoanen foar âlder(s) of bern oer.

* De oerienkomst tusken hâlder en âlder(s).

* Skelen tusken hâlder of âlderkommisje oer de tapassing fan it wetlik advysrjocht.

As jo klachten nei jo idee net goed ôfhannele wurde, kinne jo terjochte by de skelekommisje. Jo kinne dêr ek streekrjocht nei ta. De Krobbedobbe is oansletten by dizze skelekommisje: www.degeschillencommissie.nl.

It iepenbier jierferslach fan it ôfrûne jier leit foar ynsjoch op De Krobbedobbe.

De Krobbedobbe wie it ôfrûne jier klachtefrij.