Yn ’t Frysk

Wolkom op ’e website fan pjutopfang De Krobbedobbe yn Fryske Peallen.

Op De Krobbedobbe kin jo bern boartsje, belibje, ûntdekke en moetsje. Yn in rêstige, feilige en noflike sfear wurde ferskate aktiviteiten oanbean, sadat elk bern him op syn of har wize ûntwikkelje kin en de wrâld boartsjendewei ûntdekke kin.

Der wurdt wurke mei tema’s fan in VVE-metoade. VVE stiet foar Voor- (pjutten) en Vroegschoolse (beukers) Educatie. It programma is rjochte op ’e totale ûntwikkeling fan it bern.

Der binne maksimaal acht bern yn ’e groep en altyd fêste liedsters.

Der wurdt grut belang hechte oan kontakt mei de âlders/fersoargers fan it bern. Dat wurdt op ferskate manieren ûnderhâlden en der is altyd romte en omtinken foar jo fragen en opmerkingen.

De Krobbedobbe is moandeis oant en mei freedtemoarns fan 8.30 oant 12.00 oere iepen.