Fjouwereageprinsipe / Wet Gunning

Fan 1 july 2013 ôf is it fjouwereageprinsipe ferplichte yn ’e berne-opfang. Dat hâldt yn dat der altyd twa folwoeksenen op ’e groep oanwêzich binne. Der is op syn minst ien beropskrêft en alle oanwêzige folwoeksenen binne yn it besit fan in jildige VOG (Verklaring Omtrent Gedrag). De romtes dêr’t de bern ferbliuwe, binne foarsjoen fan ruten, en der is gearwurking mei konsultaasjeburo en basisskoallen.