Alderkontakt

Sa’t earder beskreaun is, fine wy it kontakt mei de âlders/fersoargers bysûnder weardefol en wy ûnderhâlde dat dan ek op ferskate wizen.

Wy hawwe in (online) nijsbrief en poste alle dagen foto’s op Facebook yn in besletten groep, allinne tagonglik foar âlders. Alders jouwe dêr skriftlik tastimming foar en elkenien giet soarchfâldich mei dy ynformaasje om. Wy respektearje de kar fan âlders as sy gjin tastimming jouwe foar it meitsjen of pleatsen fan foto’s fan harren bern.

Alle dagen leit der in map yn ’e hal. Dêr sit de beskriuwing fan ’e aktiviteiten yn en it nijs fan De Krobbedobbe. Der hinget in prikboer yn ’e hal mei algemiene ynformaasje.

Ekstra ynformaasje diele wy oer de mail mei âlders. Wy ynformearje se ek altyd oer tema’s dêr’t wy mei wurkje. Meastentiids duorje dy in pear wiken en faak binne se ferbûn mei de tiid fan it jier.

Alders meie fansels ek sels maile of belje as sy fragen hawwe: ineke@dekrobbedobbe.nl of 06-15471347.

Foar’t in bern nei De Krobbedobbe komt, komt de liedster op húsbesite om yn ’e kunde te kommen. Alders kinne sa yn harren fertroude omjouwing fertelle oer harren bern en fragen stelle oer de pjutopfang. Dan wurde it ynskriuwformulier en de pleatsingsoerienkomst ynfolle en ûndertekene.

By bringen en heljen wikselje âlders en de liedster ynformaasje út. Mocht in âlder of liedster ferlet hawwe oan in petear, dan sil dêr altyd tiid en romte foar fûn wurde.

As it bern 2,5 jier is, 3 jier wurdt of hast nei de basisskoalle giet, binne der petearen oer de ûntwikkeling en it wolbefinen. Dêr wurdt de KIJK-registraasjemetoade foar brûkt. Mocht it nedich wêze om oare ynstânsjes te rieplachtsjen, dan sil dat altyd yn oerlis, nei tastimming en mei meiwitten fan ’e âlders wêze.

Alders wurde frege foar it skjinmeitsjen of werstellen fan materiaal. It kin foarkomme dat âlders frege wurde om harren ekspertize te dielen. Sa komt bygelyks de heit dy’t by de plysje wurket ris del yn in plysje-auto, geane wy nei âlders mei in buorkerij, of komt in mem dy’t dokter is ris del om in “sike” bear te behanneljen.