Alderkommisje

De Krobbedobbe hat in aktive âlderkommisje. Dy komt op syn minst seis kear yn it jier gear en organisearret ienris yn it jier in âlderjûn. De âlderkommisje fertsjintwurdiget de âlders, en de fiif leden wurde keazen op ’e âlderjûn. Der is in reglemint dat altyd ynsjoen wurde kin.

Trije leden fan dy âlderkommisje foarmje ek it bestjoer fan ’e stichting Vrienden van De Krobbedobbe. Dy stichting fasilitearret de frijwilligers dy’t by De Krobbedobbe oanwêzich binne. Ienris yn it jier wurdt der in maitiidsmerk organisearre om jild yn te sammeljen foar dy stichting.

De âlderkommisje is te berikken op oc@dekrobbedobbe.nl